Crone: "Wedstriid Cambuur-Hearrenfean reklame foar Fryslân"

De Fryske derby tusken SC Cambuur en SC Hearrenfean is reklame foar Fryslân. Dat sei boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert. Crone wie nei ôfrin tige te sprekken oer de wize wêrop't de supporters fan beide ploegen harren opsteld hawwe. "Er was veel sfeer, maar geen ellende", komplimentearre de boargemaster beide groepen fans.
Foar en nei ôfrin fan de wedstriid wienen der in pear lytse gefaltsjes fan opskuor. De plysje meldt dat der gjin grutte ynsidinten wienen. Der binne ek gjin minsken oanholden. Mei-inoar 10.000 taskôgers wiene derby.
Hoefolle plysjeminsken oft der krekt ynset binne, woe boargemaster Crone net sizze.