Jesper Hospes tsiende op 500 meter by WK ôfstannen

Sprinter Jesper Hospes is snein tsiende wurden op de 500 meter by it WK ôfstannen yn Thialf. Op de twadde 500 meter ferbettere Hospes mei 35.06 syn tiid op de earste 500 meter. Dêrby kaam er út op 35.24. Syn tiid wie lykwols net net goed genôch foar in plak yn de top trije.
De nije wrâldkampioen sprint op de 500 meter is de Rus Pavel Kulizhnikov. Hy wûn snein beide 500 meters mei oermacht. Op de twadde 500 meter klokte er in tiid fan 34.54. It sulver yn it einklassemint gong nei Michel Mulder. It brûns wie foar de Kanadees Laurent Dubreuil.