Stille ramp yn jachtbou- en wettersportsektor

15 feb 2015 - 15:10

It giet striemin mei de Fryske wettersportsektor en jachtbou. Jachtbouwers hawwe hieltyd minder wurk of se gean kopke ûnder. Yn de jachthavens wurde stadichoan minder lisplakken ferhierd. Dat seit Henk Jan de Jong fan jachtbouwer Atlantic Motor Yachts yn Warkum. It byld dat De Jong sketst, slút oan by de meast resinte sifers fan de Hiswa út 2014 dy't sûnt 2008 in achterútgong yn de sektor sjen litte.

De Jong kaam ferline wike yn it nijs fanwege de oername fan it kachelhoutbedriuw Sierra Nevada út Harns. Hy die dat om saaklik te oerlibjen.

De ferkeap fan sloepen en hiel djoere jachten hat neffens De Jong folle minder te lijen fan de minne tiden.

Trefwurden: 
wettersport jachtbou
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)