Bruorren oanhâlden nei slaan fan bloednoas

15 feb 2015 - 14:52

Twa bruorren fan 26 en 28 jier út de gemeente Ljouwerteradiel binne sneontenacht oanhâlden yn it sintrum fan Ljouwert. Se hiene spul mei in groepke jongeren. Plysjes hiene beide ploegen út elkoar helle, mar se sochten elkoar letter dochs wer op. Dêrby sloech de 26-jierrige in man fan 19 jier út Leiden in bloednoas.

De 26-jierrige waard fuortendaliks oppakt. Syn broer bemuoide him dermei en hindere de plysje. Dêrop waard hy ek oanholden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)