Shorttracker Daan Breeuwsma net nei finale 1000 meter

Shorttracker Daan Breeuwsma © awfoto.nl
Shorttracker Daan Breeuwsma is der snein net yn slagge him te pleatsen foar de finales fan de 1000 meter by de wrâldbekerwedstriden yn it Turkske Erzurum. Yn de heale finale ried Breeuwsma lang op de twadde posysje achter de Súd-Koreaan Han-Bin Lee. Yn de slotrondes kaam de Brit Jack Whelbourne mei in moaie ynhelaksje, wêrtroch't Breeuwsma úteinlik as tredde oer de streek kaam. Dat wie net genôch foar in finaleplak.
Sjinkie Knegt rûn earder dit wykein al tsjin in straf oan en kaam dêrtroch net fierder as de foarrondes.