Karnavalsmis soarget foar folle tsjerke yn Snits

15 feb 2015 - 13:28
  • Karnavalmis
  • Karnavalmis
  • Karnavalmis
  • Karnavalmis

De sechsde edysje fan de karnavalsmis yn Snits luts snein in soad minsken. Hûnderten karnavalsfierders kamen nei de Sint Martinustsjerke. In soad fan harren wiene ferklaaid yn karnavalsklean, al hoegde dat net.

De grutte belangstelling komt trochdat minsken yn dizze drege, hurde tiden ferlet hawwe fan fleurichheid en positiviteit, sei Grutfoarst Edward. De sfear yn de tsjerke wie los. Dêr soargen ûnder oare sangkoar De Heilige Boantsjes en blaaskapel De Losse Flodder foar. Pastoar Van der Weide spruts ek noch op rym.

De karnavalsfiering yn de Sint Martinustsjerke wie oekûmenysk. dat sadwaande wiene minsken fan alle godstsjinsten wolkom. It karnaval yn Snits is sneon úteinset. It duorret fjouwer dagen. De organisaasje is yn hannen fan De Oeletoeters.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)