Teater Snits en Bonte-Sneeker-Avonden krije Aggemabokaal

De skaal meie se hâlde, mar de bokaal is in wikseltrofee © Ronald van der Pol
Teater Snits en it Komitee Bonte-Sneeker-Avonden hawwe dit jier de Aggemabokaal wûn. De priis is sneon útrikt yn it stedhûs fan Snits.
De Aggemabokaal wurdt alle jierren útrikt troch karnavalsferiening De Oeletoeters oan in persoan of groep dy't him op in positive wize ynset foar de stêd. De bokaal waard foar de 28ste kear útrikt. Dat barde neidat Prins Theo de Derde de kaaien fan de stêd krigen hie fan it gemeentebestjoer. De stêd hjit no tydlik Drabbelterp.