GGD faksinearret tolvetûzen bern

GGD Fryslân © Omrop Fryslân, Oetze Deelstra
De GGD Fryslân ropt yn maart en april tolvetûzen Fryske bern op foar faksinaasjes. It giet om bern fan 9 jier dy't in prik krije tsjin diftery, tetanus en polio en tsjin de bof, mûzels en reahûn. En 13-jierrige famkes krije de earste HPV-prik, dy't de kâns op limoerhalskanker - yn it Nederlânsk baarmoederhalskanker - lytser makket.
Nei de simmerfakânsje krije sy dêr noch in twadde prip foar. Alle bern wurde per gemeente oproppen.