Snits fjouwer dagen lang Drabbelterp

14 feb 2015 - 17:12
  • Karnaval yn Snits yn 2015

Yn Snits waard sneon foar de 39e kear in karnavalsoptocht hâlden. De stoet gie troch it sintrum fan de Wetterpoartestêd. De organisaasje is yn hannen fan karnavalsferiening De Oeletoeters. Mei-inoar binne der sawat fjirtich dielnimmers, wêrûnder in tsiental weinen en in grut tal dweilorkesten. Fanwege it moaie waar is de publike belangstelling grut.

Fan sneon ôf is de namme fan Snits fjouwer dagen lang Drabbelterp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)