Drachtster Boys ferliest by CSV Apeldoorn

14 feb 2015 - 17:08

Drachtster Boys ferlear sneon de útwedstriid mei 1-0 fan CSV Apeldoorn. De Drachtsters kamen al nei 8 minuten op efterstân. Op in lestich bespylber fjild slagge de ploech fan trainer Fred de Boer der net yn de lykmakker foar rêst op it boerd te setten.

Yn de twadde helte krige Drachtster Boys goede kânsen op de 1-1, mar it ûntbruts de ploech oan it nedige gelok. Yn de slotfaze waard de Boys boppedat in penalty ûntholden nei hands fan de Apeldoornse ferdigening yn it 16-metergebiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)