ONS pakt wichtige oerwinning op Capelle

14 feb 2015 - 16:29

ONS Boso Snits pakte sneon wichtige punten mei de 2-0 oerwinning op de nûmer fjouwer Capelle. Yn Capelle aan den IJssel moast it publyk lang wachtsje op de iepeningstreffer. Dy foel pas yn de 61e minút en kaam op namme fan Ale de Boer, dy't ONS op foarsprong sette.

Tsien minuten letter tekene dyselde De Boer mei in prachtich skot foar syn twadde treffer en brocht de ploech fan trainer Bert Hollander dêrmei op in komfortabele 2-0 foarsprong. De Snitsers krigen noch in pear kânsen om de marzje fierder út te wreidzjen, mar dat slagge net mear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)