Harkemase Boys pakt winst tsjin ACV

Harkemase Boys wûn sneon mei 5-3 fan ACV. Op sportpark De Bosk kamen de Harrekiten al nei 1 minút op efterstân. Oebele Schokker makke mei in frije traap fuort dêrnei de lykmakker. Binnen it kertier soargen Robin Huisman de Jong en Schokker foar de 3-1.
Yn de twadde helte ferromme ynfaller Joram Smits de marzje nei 4-1. Nei in lyts oere moast ACV mei 10 man fierder nei in reade kaart. Dochs slaggen de gasten út Assen deryn om de 4-2 te skoaren. Mei syn twadde penalty soarge Huisman de Jong foar de 5-2, wêrnei't it slotakkoart foar ACV wie.