Kramer wint 5 kilometer yn in nij wrâldrekôr leechlânbanen

Sven Kramer pakte sneon syn sechsde wrâldtitel op de 5 kilometer by it WK ôfstannen op It Hearrenfean. Op it iis fan Thialf klokte Kramer in tiid fan 6.09.65, wêrmei't er syn konkurrinten fier efter him hold. Syn tiid wie boppedat goed foar in nij wrâldrekôr op in leechlânbaan en in baanrekôr op Thialf.
Jorrit Bergsma pakte it sulver mei syn tiid fan 6.11.53. Hy hie in drege start fan syn rit, fanwege problemen mei it startsysteem wêrtroch't er lang wachtsje moast op de start. Douwe de Vries makke it Fryske poadium kompleet mei 6.18.24.
Op de 1000 meter pakte Kjeld Nuis it brûns mei 1.08.71. De winst gong ferrassend nei de Amerikaan Shani Davis. Hy notearre in winnende tiid fan 1.08.57 en wist dêrmei de grutte favoryt Pavel Kulizhnikov krekt foar te bliuwen. De Rus pakte mei 1.08.61 is sulver.