Sân arrestaasjes yn Ljouwert foar drugshannel

14 feb 2015 - 14:36
  • Drugs

Yn Ljouwert binne freed sân minsken oanhâlden op fertinking fan drugshannel. It giet om fiif manlju fan 20 oant 24 jier út Ljouwert en twa famkes fan 15 en 17 jier. Plysjes seagen yn de binnenstêd in bekende drugsbrûker oer de Foarstreek draven. Dêrnei wie der in drugsoerdracht.

De ferkeaper is oanhâlden. Hy hie ferskate boltsjes drugs by him. Yn de wenning fan de fertochte is ek harddrugs oantroffen. It giet mooglik om kokaïne en heroïne. De oare fertochten binne oanhâlden yn en by de wente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)