Tanimmende ûnrêst op Skylge oer gasboarrings

14 feb 2015 - 16:50

Op Skylge wurdt de ûnrêst oer mooglike gasboarrings op it eilân hieltyd grutter. It Nederlânske oalje- en gasbedriuw Tulip Oil hat plannen om 3 oant 6 kilometer út de kust gas te winnen. Der is in aksjegroep oprjochte mei de namme GasTvrijTerschelling. De eilanner klankboerdgroep bestiet net mear. De foarsitter is fuort fanwege bedrigings.

Freed wie der in demonstraasje mei spandoeken. Op dit stuit is noch net dúdlik oft en wannear't de oaljemaatskippij boarje sil. Dêrfoar moat earst noch in beswierskriftproseduere hâlden wurde.

Tulip Oil seit yn in reaksje dat by oanhâldend ferset op it eilân, de gasboarrings net trochgean. De bewenners en de Waadferiening binne mis as se tinke dat der al in winningsfergunning ferliend is. Earst moat in miljeu-ûndersyk dien wurde. Yn in Miljeu Effekt Raportaazje (MER) wurdt yn byld brocht wat de gefolgen foar it miljeu binne. Pas as de winningsfergunning ôfjûn is, kin Tulip Oil fierder mei de plannen.

De opposysje yn de Twadde Keamer is kritysk oer de plannen fan gas- en oaljebedriuw Tulip Oil om by Skylge nei gas te boarjen. Ferskate partijen fine dat de bewenners har terjochte soargen meitsje oer skea oan de Waadsee. GroenLinks-lieder Bram van Oijk wie sneon op wurkbesite yn Fryslân. Hy wol opheldering oer de plannen fan minister Kamp fan Ekonomyske Saken. Neffens SP-Keamerlid Smaling binne gasboarrings by Skylge net allinnich skealik foar it miljeu, mar ek foar it toerisme. De ChristenUnie is op de plannen tsjin. Keamerlid Dik-Faber wiist derop dat de Waadsee wrâlderfgoed is.

Trefwurden: 
Skylge gasboarrings Tulip Oil
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)