Meiwurkers sikehûzen MCL en Antonius yn aksje foar cao

14 feb 2015 - 09:10

Meiwurkers fan de sikehûzen MCL yn Ljouwert en it Antonius yn Snits komme nije wike yn aksje foar in nije cao. Se sille lunchbyienkomsten hâlde wêryn't de bûnen en personiel mei-inoar yn petear sille oer wat der barre moat. Der wurdt al in jier ûnderhannele oer in nije cao, mar dy is der noch hieltyd net. De bûnen wolle leansferheging, wurksekerheid en jild foar opliedings.

Yn earste ynstânsje sille de pasjinten net in soad merke fan de aksjes. As it net oars kin en de sikehûzen net harkje, kin dat neffens de bûnen feroarje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)