VVD Menameradiel hellet hurd út nei lanlike partijtop

14 feb 2015 - 08:01

De VVD yn Menameradiel hellet hurd út nei it lanlik bestjoer fan de partij. Oanlieding is it nijs oer ûnterjochte deklaraasjes dy't dien binne troch VVD-Twadde Keamerlid Mark Verheijen. Neffens it bestjoer fan de VVD yn Menameradiel hawwe fraksjefoarsitter Halbe Zijlstra en premier Mark Rutte fierstente lakonyk reagearre.

Foarsitter Hendrik Terpstra skriuwt yn it brief oan Den Haach dat Verheijen op non-aktyf setten wurde moat. As bliken docht dat de beskuldigings klopje, dan moat er royeard wurde en syn sit weromjaan oan de VVD.

Terpstra seit dat politisy as Verheijen de partij skea tabringe en dat de VVD yn Menameradiel fan sa'n partij gjin ûnderdiel útmeitsje wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)