Jouster fersetsman ferneamd mei strjitnamme

13 feb 2015 - 20:41

De Jouster fersetsstrider Sjoerd Wiersma hat lang om let in strjitnammebuordsje. Wiersma hat yn de Twadde Wrâldoarloch hûnderten Joaden út hiel Nederlân rêden fan de Dútsers. Om't er sels de oarloch oerlibbe hat, kaam hy lang net yn oanmerking foar in strjitnamme. De Jouster Freark Ringnalda hat jierrenlang striden foar it buordsje fan Wiersma, mar trochdat der lange tiid gjin nije strjitten by kamen, slagge dat earst net. Sneon krijt in nij te bouwen hofke de namme Sjoerd Wiersmahof.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)