Skylge skoart heech as studinteplak

13 feb 2015 - 18:49

Skylge stiet op in ferrassend 9e plak as it giet om studinteplakken. It eilân stiet noch boppe Ljouwert, dat op it 10e plak stiet. Dat docht bliken út ûndersyk troch de redaksje fan de Twentsche Courant Tubantia. Dy ûndersocht hoefolle prosint fan de bewenners studint is. Fan de 4.780 Skylgers binne 415 studint oan de Hegere Seefeartskoalle, in persintaazje fan 8,7. Ljouwert skoart 8 prosint.

Wageningen stiet boppeoan mei 18,4 prosint, Grins twadde mei 18,1 prosint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)