Sjinkie Knegt mist finalewedstriid op de kilometer

13 feb 2015 - 18:46

Shorttracker Sjinkie Knegt is freed by de de wrâldbekerwedstriid yn Erzurum (Turkije) op de 1000 meter útskeakele troch in diskwalifikaasje. Yn de earste omloop gong it noch maklik, mar dêrnei gong it mis. Knegt krige in 'penalty', en dêrtroch is it dreger wurden om it einklassemint te winnen. Op de 1500 meter gong Daan Breeuwsma troch nei de lêste sechstjin. De Nederlânske ploech mei Sjinkie Knegt, Freek van der Wart, Daan Breeuwsma en Itzhak de Laat is ek troch op de 5000 meter ôflossing. Se sitte no yn de heale finale.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)