Ljouwert 'Haadstêd fan de smaak' iepene
Elkenien moat de Fryske smaken priuwe en bysûndere streekprodukten moatte yn de skynwerpers komme te stean. Dat is it doel dit jier fan 'Ljouwert Haadstêd fan 'e smaak'. De offisjele ôftraap wie freedtemiddei yn it Frysk Natuermuseum yn Ljouwert. Dêr is fan alles oan streekprodukten te priuwen.