HBO's helpe flechtlingen mei opsetten eigen bedriuw

Flechtlingewurk Fryslân begjint yn Noardeast-Fryslân in projekt wêrby't hbo-studinten flechtlingen helpe by it opsetten fan in eigen bedriuw. Oanlieding foar it projekt is de útkomst fan in ûndersyk dêr't út bliken docht dat de ûndernimmerspotinsje fan flechtlingen aardich grut is. Dochs binne guon fan harren benaud om sels in bedriuw te begjinnen fanwege de grutte ûnbekendheid mei de regio en de wet- en regeljouwing
Hbo'ers kinne flechtlingen helpe mei bygelyks it skriuwen fan in ûndernimmingsplan of it opsetten fan in merkûndersyk.