Dong mei boppe de grûn útriden wurde

Natuerboeren yn de Noardlike Fryske Wâlden meie harren dong boppe de grûn útride. Offisjeel moat alle dong yn de grûn ynjektearre wurde, mar natuerboeren krije in frijstelling fan de steatssekretaris. Dan moatte se harren wol hâlde oan in tal strange easken. Sa mei it alinnich om kowestront gean fan eigen kij en de dong moat útriden wurde op it eigen lân.
Oer twa jier is der in evaluaasje oer it boppe de grûn útriden fan dong. Dêrnei hoopje de boeren dat de frijstelling opnaam wurdt yn 'e wet.