Mem mei twa soantsjes ferwûne by ûngelok op A32

13 feb 2015 - 14:42

In 37-jierrige frou út Noardwâlde en har twa soantsjes fan tsien en tolve jier binne tongersdeitejûn ferwûne rekke by in oanriding op de A32. De frou botste op de auto foar har, dy't bestjoerd waard troch in 43-jierrige frou út Wolvegea. It 37-jierrige slachtoffer joech as ferklearring dat se net goed waard, wêrtroch't se op de auto ried.

De mem en har beide soantsjes moasten foar behanneling nei it sikehûs. De 43-jierrige oare bestjoerster út Wolvegea kaam mei de skrik frij.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)