Van Gelder en Mobilis sille rûnwei Hurdegaryp oanlizze

13 feb 2015 - 14:19
  • (argyffoto)

Oannimmerskombinaasje Van Gelder en Mobilis sil de rûnwei om Hurdegaryp oanlizze. De provinsje hat foar 15 miljoen euro in kontrakt ôfsletten mei de beide oannimmers, dy't it projekt útfiere ûnder de namme Nije Daam.

Yn de rûnwei komt ûnder oare in akwadukt. De rûnwei is ûnderdiel fan de Sintrale As. De ferwachting is dat de oannimmers yn juny dit jier mei it wurk begjinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)