Marketingburo wol .LWD-ekstinsje op merk bringe

www © Omrop Fryslân
It Ljouwerter marketingsburo Béyonit wol de nije domeinekstinsje .LWD op de merk bringe. Undernimmers Bram Niemendal en Frank Zijlstra komme mei it plan as ferfolch op it súkses fan de .FRL domeinnammen.
De ûndernimmers wolle dat Ljouwert as Kulturele Haadstêd 2018 ien fan de earste stêden yn Nederlân wurdt dy't in eigen domeinekstinsje krijt. It marketingsburo sil de belangstelling ûnder Ljouwerter ûndernimmers peile foardat se de domeinekstinsje oanskaffe sille.