Nije oanfraach evangelyske skoalle yn Drachten

13 feb 2015 - 12:01

Yn Drachten komt mooglik dochs in evangelyske skoalle. De inisjatyfnimmers hawwe in nije oanfraach yntsjinne by de gemeente. Woansdei waarden de plannen foar de skoalle ôfkard troch de Rie fan Steat. Earder woe de steatsekretaris fan ûnderwiis der ek net oan.

In nije skoalle moat neffens de wet binnen fiif jier twahûndert learlingen hawwe. De evangelyske skoalle soe dat net helje. De inisjatyfnimmers sizze dat yn de âlde oanfraach in ferkearde berekking stiet. Dêrom hawwe se no in nijenien yntsjinne.

Ut dy nije oanfraach soe bliken dwaan dat yn Drachten en omkriten wol genôch animo is foar in evangelyske skoalle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)