Fjouwer oanhâldings foar drugs yn Harns

13 feb 2015 - 11:50

Fjouwer manlju binne tongerdeitemiddei oanhâlden foar it yn besit hawwen fan en it hanneljen yn drugs. De plysje hâlde in kontrôle yn de wyk Plan-Súd yn Harns neidat dêr meldings weikamen fan oerlêst. Trije manlju fan 49, 50 en 55 jier út Harns waarden op strjitte oanhâlden. Twa fan harren hiene drugs by harren.

It twatal ferklearre dat se de drugs kocht hienen oan de Prinses Margrietstrjitte yn Harns. Dêr koe de plysje eefkes letter in 44-jierrige man út Harns oppakke. Hy wurdt fertocht fan hannel yn ferdôvjende middels.

Yn de wenning fan de 44-jierrige hat de plysje ûnder oare in pot mei wyt poeier en mobile tillefoans oantroffen. De trije manlju binne nei ferhear wer frijlitten. De 44-jierrige fertochte sit noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)