Grutte plysjekontrôle yn Ljouwert op fytsen sûnder ljocht

13 feb 2015 - 11:21

Ienentweintich fytsers hawwe tongersdeitejûn in bon krige foar fytsen sûnder ljocht. De plysje hâlde in grutte kontrôle oan de Harnzersingel, de Nije Oasterstrjitte en de Alde Oasterstrjitte yn Ljouwert.

Neist bekeurings foar it fytsen sûnder ljocht dielde de plysje ek noch bonnen út foar fytsen yn it fuotgongersgebiet, it net hawwen fan in jildich identiteitsbewiis en it ûntbrekken fan ferljochting op in bromfyts.

Trefwurden: 
Ljouwert kontrôle fyts
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)