Boalsert krijt brûnzen byld fan Fiskerman mei Jonkje

13 feb 2015 - 10:12
  • It houten byld waard wol gauris fernield

Der komt in brûnzen byld fan de Fiskerman mei it Jonkje yn Boalsert. Jierrenlang stie der in houten byld by de Kapelpost. Nei mear as tachtich fernielings konkludearre makker Durk Bosma dat it houten keunstwurk syn bêste tiid hân hie. Omdat it byld ta ien fan de meast fotografearre plakken yn Boalsert heart, naam de nijswebside TV Bolsward it inisjatyf om der in brûnzen fariant fan te meitsjen.

Brûnsjitterij Flassh yn Balk sil ynkoarten begjinne mei it jitten fan it byld. Dat stiet nei alle gedachten begjin dizze simmer wer op it âlde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)