Omrop Fryslân dielt Falentynsboeketten út

13 feb 2015 - 07:25
  • Inge Slot mei Femke van der Heide yn Grou
  • Cor en Siepie Zijlstra en Jellie Hamburg
  • Martsje Bergsma, Dieuwerke de Boer en Anne Bergsma

Omrop Fryslân is freed de hiele dei op 'en paad om minsken te ferrassen mei in Falentynsboeket. Dy krije de blommen omdat oare minsken fine dat se dat fertsjinje. Harkers koene de ôfrûne dagen kandidaten nominearje, wêrfan't sy fine dat se sa'n blomke fertsjinje.

Bygelyks omdat dy iene persoan altyd foar in oar klear stiet, of omdat ien wol in hert ûnder de riem brûke kin. Of gewoan omdat dy persoan jo grutte leafde is. Ferslachjouwers Andries Bakker en Geert van Tuinen bringe de blommen by de minsken del, rûnom yn Fryslân.

De Valentijnsaksje fan Omrop Fryslân is de hiele dei te folgjen op de radio en ek binne alle ferhalen te lêzen en te beharkjen fia ús Valentijnsside.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)