Oprop oan boeren: "Wachtsje noch efkes mei útriden fan dong"

Fryske boeren dy't mûzeskea hawwe oan it lân wurde oproppen om noch efkes te wachtsjen mei it útriden fan dong. Dy oprop komt ûnder oare fan Wetterskip Fryslân. Troch de mûzegatten en it ûntbrekken fan gers spielt de dong folle earder fan it lân. Mei as gefolch dat dy dong gjin effekt hat op de greide.
Boppedat is der in grutte kâns dat de dong yn it oerflakwetter spielt. Dêrtroch ûntstiet risiko op skea oan de natuer. Wetterskip Fryslân ropt de boeren op soarchfâldich om te gean mei it útriden fan dong.