Follybalsters Snits mei 3-1 ûnderút tsjin Alterno

Coach Petra Groenland © Sportfotografie Klaas Hijlkema
De follybalsters fan Snits gongen tongersdei mei 3-1 ûnderút tsjin Alterno. Yn eigen hal begûnen de Snitser froulju sterk oan de earste set. Mar by in 18-14 foarsprong joech de ploech fan trainster Petra Groenland de setwinst dochs noch út hannen. Dy gong mei 25-22 nei Alterno.
Yn de twadde set brocht Snits de stân wer op likense hichte mei in 25-23 setwinst. Ek yn de tredde set pakte Snits op 'e nij in 19-16 foarsprong, mar ferspile de winst. Dy gong mei 25-23 nei Alterno. Yn de fjirde set pakte Alterno de einoerwinning mei 25-22.