Mear Fryske boeren kieze foar erfpacht

13 feb 2015 - 06:41

Erfpacht wurdt hieltyd populêrder yn Fryslân. Boeren kieze faker foar it pachtsjen fan grûn yn stee fan keapjen. Mei erfpacht kinne de boeren tsjin in relatyf lege priis, grûn foar in langere perioade brûke. Dizze grûn wurdt ûnder oare pachte fan tsjerken. Dat smyt ekstra ynkomsten op foar de tsjerken.

De lêste jierren nimt it tal Fryske boeren dat lân fan tsjerken pacht flink ta. Dat komt omdat der mear fraach is nei boerelân. Tagelyk bemuoit de oerheid him hieltyd mear mei reguliere pacht. By erfpacht binne de regels in stik ienfâldiger.

Trefwurden: 
tsjerken erfpacht boerelân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)