GGD/Sense: jongeren frije te faak ûnfeilich

12 feb 2015 - 22:28

Fryske jongeren frije noch te faak ûnfeilich. Dat seit GGD/Sense, dy't him rjochtet op jongeren oant 24 jier. No't Valentijnsdei deroan komt, is de GGD ekstra aktyf om foarljochting te jaan oer bygelyks de risiko's fan frije sûnder kondoom. Tongersdei stie der in spesjale Valentijnsbus yn Ljouwert om de jeugd seksueel op it sûne paad te krijen. Jongeren koenen der fragen stelle oan GGD-meiwurkers.

Dy fragen gienen bygelyks oer wat je wol en net dwaan moatte foar de webcam fan de kompjûter.

It foarljochtingsteam fan de GGD sil freedtejûn yn de kroech mei de jeugd yn petear gean oer it ûnderwerp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)