Sulver foar Ireen Wüst op 3.000 meter by WK ôfstannen

Reedrydster Ireen Wüst hat by it WK ôfstannen yn Thialf in sulveren medalje helle op de 3.000 meter. De titelferdigenster ferlear tongersdei yn de tsiende en lêste rit fan Martina Sábliková. Dy einige yn in tiid fan 4.02.17, Wüst yn 4.03.46. Foar Sábliková is it de tredde kear dat se goud hellet op de ôfstân. Nei ôfrin sei Wüst teloarsteld te wêzen oer it resultaat.
Marije Joling helle mei in tiid fan 4.05.51 in brûnzen medalje, Jorien Voorhuis einige mei 4.05.76 as fjirde krekt neist it poadium. It WK ôfstannen duorret oant en mei snein.