Kap beammen by knooppunt De Jouwer freed los

12 feb 2015 - 18:06
  • Knooppunt De Jouwer

De kommende wiken wurde der beammen kapt by it ferkearsplein fan De Jouwer. It giet om beammen dy't yn it paad stean by de opknapbeurt fan it knooppunt. It wurk begjint freed by de Hollandiastrjitte, dêrnei folgje oare lokaasjes. It wurk is yn dielen oanbestege, sadat ek lokale bedriuwen der foar yn oanmerking komme koenen.

It hout dat by de kap frijkomt wurdt ferkocht. Oan de Hollandiastrjitte wurde de kommende wiken ek twa hûzen sloopt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)