Fryske basisskoallen ha oplossing tsjin pesten

12 feb 2015 - 16:48
  • Direkteur Rommert Dijk Fan CBS De Winde yn Hurdegaryp

Tolve Fryske basisskoallen tinke in oplossing fûn te hawwen tsjin pesten. Ferline jier binne se start mei it 'M5 systeem' en dat smyt in soad op. Masters, juffen, bern en âlden kinne pesterijen registrearje yn it systeem, ek wannear't it pesten him bûten it sicht ôfspilet. De skoalle en M5-konsulinten kinne de pesterijen sa goed oanpakke.

Basisskoalle De Bolster yn Eastermar is ien fan de skoallen dêr't de bern it pesten digitaal oanjaan kinne. Direkteur Annette Pool fan De Bolster fernimt dat dizze oanpak ferskil makket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)