Provinsje komt mei liening foar boeren mei mûzeskea

12 feb 2015 - 16:33

De provinsje komt mei in spesjale liening foar boeren dy't skea ha troch mûzen. De krekte details wurde freed presintearre troch deputearre Johannes Kramer. Ek makket Kramer dan bekend wat foar oare maatregels der ûndersocht wurde sille om it probleem tsjin te gean. By hieltyd mear boeren yn Fryslân wurdt it lân fernield troch muzen.

Wetterskip Fryslân freget boeren dy't jarre útride wolle, om rekken te hâlden mei de mûzeskea. Troch de gatten is der mear kâns dat de jarre yn it oerflaktewetter komt. Dat is skealik foar it miljeu.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)