Fûgeleilân yn de Lindewyk klear foar de maitiid

12 feb 2015 - 15:02

It fûgeleilân yn de Lindewyk by Wolvegea is klear foar it kommende briedseizoen. In protte fûgels sykje op dit eilân in plakje yn de maitiid, mar troch de tanimmende groei fan planten sochten de fûgels in oar briedplak. Dêrom wie it nedich om de boppelaach fan de grûn fuort te heljen, sadat de fûgels harren better thús fiele op it eilân. It eilân is sûnt 2006 yn behear by It Fryske Gea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)