De Cambuur-Hearrenfean-derby-warming-up-kwis, diel 3

13 feb 2015 - 09:00

De Fryske derby stiet wer foar de doar. Snein nimt SC Cambuur it yn eigen hûs op tsjin SC Hearrenfean. Om alfêst wat op te waarmjen komt Omrop Fryslân mei de Cambuur-Hearrenfean-derby-warming-up-kwis.

Hjoed it lêste diel fan ús kwis, de fragen 9 oant en mei 12. De antwurden binne jûn te sjen fan 17:20 oere ôf yn Bynt Sport of yn ditselde berjocht.

Fraach 9:
De lêste edysje fan de Fryske derby einige yn 2-2. Hokker fjouwer ferdigeners fan Cambuur begûnen yn de basis?

Fraach 10:
Hokker spiler is berne op It Hearrenfean, spile noait in wedstriid foar Hearrenfean, mar wol trije seizoenen foar Cambuur?

Fraach 11:
Spilerspaspoart: oer hokker fuotballer giet dit? Hearrenfean, Omniworld, MSC, Go Ahead Eagles, Alcides, FC Zwolle, Hearrenfean.

Fraach 12:
Spilerspaspoart: oer hokker fuotballer giet dit? Ajax, Celta de Vigo, Birmingham City, Wigan Athletic, Hapoel Tel Aviv, Grasshoppers, Hearrenfean, RKC, Cambuur?

Fansels hat Omrop Fryslân wiidweidich omtinken foar de Fryske derby. Sa stiet freed Bynt Sport folslein yn it teken fan de derby en lizze wy dizze fragen foar oan de oanfierders fan Cambuur en Hearrenfean. Op snein is der it wedstriidferslach op Omrop Fryslân Radio fan 12:00 oere ôf, omtinken foar alle omballings en ek wurdt der op omropfryslan.nl in liveblog byhâlden oer alles wat der bart op sosjale media.

De antwurden op de folgjende fjouwer fragen binne te finen yn it filmke op dizze side.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)