Húshâldlike help foar 8,50 euro yn Noardwest-Fryslân

12 feb 2015 - 14:19

Kliïnten fan de sân gemeenten yn Noardwest-Fryslân kinne yn de takomst foar 8,50 euro per oere húshâldlike help ynkeapje. De gemeenten hawwe dêrfoar in akkoart berikt mei de thússoarchorganisaasjes. Klanten meie sels foar in oare oplossing kieze, mar de fraach is dan oft it wol foar 8,50 euro yn de oere kin.

Dit bedrach jildt foar maksimaal trije oeren yn de wike. Minsken mei in te leech ynkommen komme yn oanmerking foar in finansjele kompensaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)