Boot Holland lûkt goed 37.000 besikers

It seil wurdt omheech helle © Omrop Fryslân, Geale Groen
De 25ste edysje fan de boatebeurs Boot Holland yn it WTC Expo yn Ljouwert hat dit jier goed 37.000 besikers lutsen. Dat is sawat likefolle as ferline jier. De organisaasje ferwachte sneontemoarn fanwege de izel en de warskôgingskoade oranje, dat it besikersoantal ôffalle soe. Dat wie dus net it gefal.
Der wiene ûnder oare in soad besikers út Dútslân en Switserlân.