Tjongerskâns skinkt sikehûsbêden oan Uganda

Sikehûs De Tjongerskâns op It Hearrenfean skinkt seis bêden, behannelkarren en doazen mei ferpleechunifoarmen oan de Drintse Selina Holtkamp. Sy is wurksum yn it Afrikaanske lân Uganda en seach dêr hoe't minsken yn sikehuzen op de flier lizze moatte.
Holtkamp die dêrom in berop op de sikehuzen yn Noard-Nederlân om guod beskikber te stellen. De Tjongerskâns wurket hjir graach oan mei. It guod wurdt no earst opslein oant der yn in fleantúch fan de KLM romte is om se nei Uganda te bringen. Holtkamp siket noch in tydlike opslachromte.