Lotterijjild foar jeugdopliedings betelle fuotbalklups

11 feb 2015 - 21:43

De jeugdoplieding fan Sportklup Hearrenfean krijt 111.000 euro fan de VriendenLoterij. Dat is woansdeitejûn bekend makke op it Goed Geld Gala fan de organisaasje. Foar de jeugdoplieding fan SC Cambuur wie der in bedrach fan 20.000 euro. By de VriendenLoterij kinne dielnimmers foar in sels keazen organisaasje spylje. De helte fan de lotpriis giet dan nei dy organisaasje.

De jeugdoplieding fan Feyenoord krige it measte jild: goed in miljoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)