Mooglik minder gemeentlike sporthallen yn Eaststellingwerf

11 feb 2015 - 21:12

Boargemaster en wethâlders fan Eaststellingwerf wolle de sporthallen yn Haulerwyk, Easterwâlde en Appelskea ferkeapje. Dat stiet yn in plan dat se makke hawwe foar de takomst fan de gemeentlike sportakkommodaasjes. Troch de ferkeap moat der jild frijkomme om oare sportfoarsjenningsys yn stân hâlde te kinnen, sûnder dat dêr ekstra jild foar frijmakke hoecht te wurden. Omdat it tal sporters de kommende jierren ôfnimme sil, wolle boargemaster en wethâlders gjin útwreiding mear fan besteande sportparken. De ried nimt yn maart in beslút oer it plan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)