'Kultureel haaddoarp' De Hoeve biedt bidbook oan yn Ljouwert

11 feb 2015 - 17:37

In grutte delegaasje ynwenners fan De Hoeve - mear as 10 % fan de 411 ynwenners - wie woansdei mei de bus nei it Ljouwerter stedhûs kaam foar de presintaasje fan it bidbook fan 'Cultureel Hoofddorp' De Hoeve oan wethâlder Sjoerd Feitsma en deputearre Jannewietske de Vries.

De Hoeve wol graach oanheakje by de kulturele haadstêd as kultureel haaddoarp en is al drok oan de gong mei in ambisjeus programma foar it jier 2018 mei sport, muzyk en lokaasjeteater tusken de kij. De Hoeve hopet dat de ekstra oandacht ek nije ynwenners opsmyt.

In stikmannich huzen yn it doarp steane leech en ek de doarpsskoalle stiet ûnder druk. Deputearre Jannewietske de Vries reagearre entûsjast op it bidbook fan De Hoeve. De deputearre sei ta dat sy wol ambassadeur wêze wol fan 'Kultureel Haaddoarp De Hoeve'. De Vries fynt it inisjatyf fan De Hoeve ek in moai foarbyld foar oare doarpen yn Fryslân. De deputearre rekkenet der op dat de kommende tiid noch mear doarpen har melde sille mei eigen plannen foar it jier 2018.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)