Wer diskusje oer misthoarn fan Harns

Oer de misthoarn fan Harns is op 'e nij diskusje ûntstien. Neffens in ynstjoerd stik yn de Harlinger Courant soe de misthoarn net nedich wêze. Skippen sûnder radar meie nammentlik net farre as it mistich is.
Neffens boargemaster Roel Sluiter fan Harns moatte skippen dan wol farre, om't yn de omjouwing fan de Harnzer haven gjin feilich plak is dêr't skippen it anker útgoaie kinne. De misthoarn sil yn de kommende wiken dan ek gewoan werom komme nei Harns.