SP tsjin gaswinning mei fracking boppe Skylge

11 feb 2015 - 15:11

De steatefraksje fan de SP wol dat Deputearre Steaten in plan foar gaswinning yn de Noardsee boppe Skylge tsjinhâldt. Oalje- en gaswinbedriuw Tulip Oil hat in útwurke plan by de provinsje yntsjinne om nei gas te boarjen.

De ûndernimming soe dat dwaan wolle mei help fan de fracking metoade. Dêrby wurde gemikaliën brûkt om it gas nei boppe te heljen. De SP-fraksje is hjir poer op tsjin om't dizze metoade soarget foar fjouwer kear safolle CO2 útstjit as by gewoane boarrings.

Yn skriftlike fragen freget de fraksje oan Deputearre Steaten oft it op de hichte is fan de foarnommen gasboarring boppe Skylge en de mooglike risiko's foar de seeboaiem en it miljeu.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)