Betizing by buorden Heak om Ljouwert

De provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert sille nochris sjen nei de buorden by de Heak om Ljouwert. Benammen it ûntbrekken fan in dúdlike rûte nei it sintrum soarget foar betizing. De Heak om Ljouwert is no goed twa moanne iepen. Hoewol't de measte minsken hiel bliid binne mei de dyk, bliuwe der ek noch wol wat ferbetterpunten.
Op ferskate plakken wurdt ek noch hurd wurke, lykas by Marsum dêr't in trochfarbere dûker oanlein wurdt. De âlde dyk fan Marsum nei Ljouwert, mei sa'n 40 sentimeter dik asfalt, moat noch fuorthelle wurde.
Dit moat lykwols wachtsje, om't der earst mear dúdlikheid komme moat oer de nije bestimming fan de grûn.